Frij

It wie tsien jier lyn dat de Dútsers út Fryslân skopt wiene en dat wurde grut fiert. Poppe wie  njoggen, mar hy mocht mei syn bêste freon Auke sûnder mem nei de grutte tinte op it Tsjerkeplein. “10 jaar na de bevrijding van het Duitsche juk”  stie der op in grut spandoek. De jonges wisten net wat it betsjutte mar dêr hiene se gjin noed fan. Binnen soe it barre, by guon kreamkes soenen se samar foar neat wat krije, Auke hie dat sels heart. Snobbersguod, mar ek wol sigaretten en fleskes CocaCola, dat skynde bot lekker te wêzen.

By de tinte stie in lange rige foar de flappen wêr’t se ûndertroch moasten.  Guon mannen wiene yn it unifoarm fan it korps, dy mochten sa trochrinne. De jonges hiene it al heart, fan ‘e middei soe de tsientûzenste besiker wolris komme kinne. Yn de tinte betellen se mei de ryksdaalder fan mem, en krigen se elk in kaartsje.  It aventoer koe begjinne, en dat barde ek.  De twa mantsjes stapten troch de doar fan tintedoek en fuort begûn  it korps te blazen. De mannen yn it swarte pak wiene al oan it klappen doe’t de man mei de ketting syn hân omheech die. It lûd fan de blazers sakke yn as in mislearre omelet.  De man frege oan de jonges  of’t er harren kaartsjes sjen mocht en dat diene se fansels. Poppe wie al benaud dat se der net mear yn mochten. “Dizze kaartsjes binne ferkeard jonges, ik ruilje se even om” sei de man. Auke en Poppe krigen de goeie kaartsjes en it gefaar wie fuort, se wiene binnen.  Gau nei de kreamkes. Efter harren hearden se it korps wer spyljen, “Lang zullen ze leven.”  In frommes, spruts de jonges oan. ”Kom mei my mei” sei se en se rûn mei de jonges nei de boargemaster.  Dy hulde krekt in taspraak oer de foarútgong en de wolfeart dy’t komme soe en hy winske in man en in frou in protte wille op harren fakânsje nei Valkenburg. Doe’t er útsprutsen wie fleach it frommes it toaniel op en wiisde nei de jonges. “En dy twa? ” frege se ferheard . In bytsje minachtsjend sei de man “Ik kin sokke snotbongels doch net sa’n grutte priis jaan? Dan geane heit en mem der mei fan tusken. It soe wat.”  “Mar dy jonges hiene de kaartsjes”  sei harren rêder. Der kaam in oare man yn in swart pak. “Ik haw hjir noch wol wat” sei er. “It is in beferzen pyk, nim dy mar mei nei hûs. Mem moat him mar ûntteie en dan kin se der sop fan meitsje, dit is wat neis”

No in beferzen pyk, dat hiene de mannen noch nea sjoen. Hy fielde ek sa kâld oan, hja moasten der in doekje om dwaan, oars wie der net mei te nimmen.  Lokkigernôch  koene se no harren sels rêde en alle kreamkes besjen. Die CocaCola wie apart guod, it bruts harren op. En de pyk begûn te drippen.

Ivige Trou

De brulloft wie útsûnderlik, Geartsje hie noch nea sokssawat meimakke. In geweldich moai fersierde seal yn it djoerste restaurant fan de gemeente, in reade loper nei de âld tsjerke en twa geastliken, in roomske pryster  foar Gryt  en in grifformearde dominy  fan Willem syn leauwen. Op it oargel spile in betûfte oargelspiler út Grins de brulloftsmars  fan Mendelsohn doe’t it lokkige pear de tsjerke yn kaam. Dy jurk allinnich al, it die gewoan sear oan de eagen, sa moai. En dan dat boeket ! Al wie it makke foar de keninginne, sokke ferblinene kleuren en sa moai skikt, dit hie wat koste. It breidspear, Willem en Gryt, wie dan ek in dreamsteltsje,  sa as dy inoarren yn de eagen seagen, Geartsje wurde der suver gleon fan . Dominy Wester en pastoar Giffen diene om bar it wurd. De âld kategismus, dy’t net folle op hie mei it roomske leauwen, lykas de traktaatsjes oer protestantske ketterij, it wie hjoed net oan de oarder. It gie oer leafde en ivige trou en wat de Bibel dêr fan sei. Hokker ferplichtingen it houlik hie en dat it ek wolris min waar wêze koe, mar nei rein komt altyd de sinne wol wer. Poppe en Geartsje wisten dat al. Oan it ein kaam earst Giffen mei  fragen en doe Wester.  It pear sei Ja, skoude de ringen om, in tút en hja wiene man en frou. It feest koe begjinne.

De seal wie opmakke mei deselde blommen as yn it boeket. De slingers hiene de kleuren fan de jurk en fan it pak fan Willem. De tafels wiene delset sadat der yn de midden dûnse wurde koe. Obers brochten hapkes en drank en der stie ek noch in buffet te wachtsjen. It wurd op wie hjir net bekend.  In seremoanjemaster iepene it feest mei de yntroduksje fan it  neie echtpear . Der wurde in liet song, der kamen gedichten en anekdoaten. Der wurden kado’s brocht  en doe kaam de taart binnen. Sa’n skitterjende taart wie fier foarby Geartsje har fantasyen. Seis lagen en de iene laach noch moaier opmakke as de  oare en boppe op de taart stiene  twa popkes mei de klean en de gesichten fan it pear, hoe krije se it foar inoar? Nei it oansnijen fan de taart kaam de band binnen en der wurde omraak dûnse.  Oan it ein fan de jûn swaaiden de gasten it pear út, op  nei Schiphol.  Wat in emoasje, sa’n begjin fan in lang en lokkich houlik.

Sân moanne letter seach Poppe tafallich Willem yn it Postkantoar mei in lyts pakje. “Alles goed? “ frege Poppe. “Jonge” sei Willem “Hast it noch net heart tink, mar Gryt hie har nocht, hja is fuortgien”  “Wy hawwe de bûdel ferdielt, Gryt krijt fan alles de helte, ek fan it hûs, ik ha it sels noch bout”  It stie goed op papier, mar neffens de abbekaat  ûntbruts der noch wat, dat stjoer ik no op.  Gryt koe de helte fan de Douwe Egberts punten net fine.

Trippel é

“Mei de bank, wêrmei kin ik jo helpe?”

“Goeie, jo sprekke mei Poppe Boemer. Ik haw in moaie ynstruier foar jo, jo krije fyftjinhûndert gûne fan my, hoe liket dat?”

“Mei jild falt net te spotten mynhear …. ? Jo moatte my net foar de gek hâlde, wat wie de namme al wer? ”

“Boemer is de namme en ik bin sa serieus as in dominy. Ik haw, fanwegen ús ferhuzing, myn sparrekken opsein en no hawwe jo 1500 gûne tefolle oermakke en dat woe ik efkes melde. It is al trije wike lyn mar troch de ferhuzing hie ik der noch net earder nei sjoen.”

“Jo wolle beweare dat ús bank jo jild stjoerd hat? Haha, wat tinke jo wol net? Dat wy gek binne? In bank is gjin woldiedichheidsynstelling, jo moatte my net lestich falle mei ûnsin Boersma.”

“Boemer is it. Om’t ik nei in oare bank moast, hawwe jimme de rinte foldien, mar yn plak fan in heal jier hawwe jimme in folslein jier útbetelle.”

“En wêrom soene wy soks dwaan?”

“No, ik tink dat it in fersin is.”

“In wat?”

“In fersin, in flaterke.”

“Dit is in bank. Flaters meitsje wy net.”

“It liket der al wat op. Ik kin it jo sa oantoane, want ûnder it ôfskrift stiet it bedrach wêr’t ik rjocht op hie.”

“Wy moatte  der mar mei ophâlde, ik haw wol mear te dwaan. As jo my wer steure, bring ik jo advyskosten yn rekken. Ik winskje mynhear de Boer in goede dei.”

“Boemer. Mar ik kin  it jild hâlde? Geartsje hat wol in knap flierkleedsje yn it sin.”

“Boemer sizze jo. Wachtsje even. Poppe Boemer? Ik sjoch hjirre dat der noch in post iepen stiet fan fyftjinhûndert gûne. Dat is ûnrjochtmjittich  oermakke op jo rekken en jo hawwe dat gewoan binnen klaut.”

“Dat haw ik jo krekt allegearre útlein.”

“It spyt my al, mar dit liket nearne nei. Jo hawwe dat jild net weromstjoert. Jo woene der gjin wurd fan hawwe fansels en dan mar stikem ôfwachtsje. Mar it is ús jild. Jo hawwe mei opsetsin de bank skea tabrocht”

“Ik skilje jo oars, om it út te lizzen. Ik haw my net dwaande hâlden mei banksaken de ôfrûne tiid.”

“Jo hearre twa kear deis jo bankrekken nei te sjen. In Fries wurdt achte syn bankrekken te kennen. Ik sil jo sizze op hokker rekken it jild stoart wurde moat, jo kinne fêst wat fan de boeterinte foarút betelje troch earst mar ris  sechstjinhûndert gûne oer te meitsjen. Dan ferrekkenje wy it letter wol. En dan nim ik kontakt op mei de baas om te sjen oft wy oanjefte dwaan moatte.”

“No moatte jo goed lústerje. Ik meitsje it jild oer dat ik tefolle krige haw en gjin sint mear. As ik noch ien kear wat hear oer dizze saak dan krije jo in grut probleem mei jo haadkertier”

“Hjir heart  Boerma wis noch wat fan, gaudieven dêr hawwe we gjin konsideraasje mei”

“Jo hawwe gelyk, it moat net gekker”

 

In lekke bân.

Poppe giet nea te fytsen sûnder syn Simson Plakset. Dat  doaske mei trije bânelichters , de tube solúsje, in skjirre  en rubber pleisters, dêr kinne jo net sûnder.  It sit yn in swartlearen taske ûnder it seal. Mei noch in lyts pompke is der klear foar it ûnheil fan de lekke bân. Hjoed komt er in pear âlde froulju efterop, dy’t rinne mei de fyts oan de hân oer de Slachtedyk krekt nei Achlum .  It foarste tsjil rattelet oer de stienen, de bân is plat. “Sil ik dy bân even foar jo plakke” freget Poppe mei syn behelpsume aard. Dat liket de froulju wol wat en al gau stiet de fyts op de kop.  Wylst poppe behindich de binnenbân frij makket, fertelt de âldste frou oer har suksesfolle libben. “Jimme moatte witte, ik kom net út in gewoane famylje, myn heit wie plysjeman en letter de baas fan it hiele buro, hy hie twa man ûnder him en noch in eigen famke foar it papierwurk. It hiele doarp seach by ús op, dat hoegde fansels net mar it is goed te begripen as jo it gesach hawwe oer in hiel doarp. Hy makke wat mei. Lykas minsken dy’t gjin ljocht op de fyts hawwe, of de soan fan dokter dy’t emblemen fan auto’s snapte en op in kear wie it peaskefjoer in dei te betiid oanstutsen, heit hie it der mar drok mei.” Poppe moast har freegje efkes stil te wêzen, om’t er it rûzje fan it lek net hearre koe. “Gabe, yn man wie dêr al wat handiger yn” sei de frou.  “Die seach sa’n gatsje gewoan, dat fielde der oan. Ja dy hie soks yn de fingers, dat kin ik fan jo net freegje fansels. Dêr binne mar in pear fan, lykas Gabe. Spitigernôch  is der no al wer fiif jier fuort en dat is in hiel gemis. Net allinne foar my, mar ek foar Fryslân. Gabe wie amtner by de Provinsje en sa’n goeienien hawwe se dêr nea wer sjoen. De kommissaris koe gjin wurden mear betinke doe’t Gabe sei dat er der mei stoppe. Hoe moat dit fierder mei  de fergunningen foar it fiskjen en it omhakjen fan beamen ?  Mar Gabe hulde de poat stiif en sei dat it genôch west hie. No mar in oar” Poppe hie it gatsje skjinmakke en solúsje op in pleisterke dien, it moast noch even wat drûgje en dan koe it der op. “Wy hawwe ien soan en dy hat it al sa bêst dien” gie de frou fierder. “Ús  Goaitsen is konsjerzje op in skoalle yn Snits, mar hy hat der feitlik de lieding. Lêsten sei der noch tsjin de rektor,dat dy wol thús bliuwe koe. ‘Ik haw alles ûnder kontrôle’ ”.  Poppe hie de bân oppompt en wie klear,  hy sette de fyts wer oerein. “No, dat hat even duorre, ús Goaitsen kin dat al flugger. Mar dy plakt sels gjin bannen. Dy bringt de fyts nei de fytsmakker. Dy hat wol jild” De froulju stapten op en setten útein.

Bobby

Plysjes binne behelpsume minsken, dêr kinst op bouwe.  Doe’t der in echte bobby yn sicht kaam, op harren kuiertocht yn Ingelân stode Poppe der hinne mei Geartsje der efteroan. De oarloch wie noch gjin tweintich jier lyn en Ingelân wie in fertroud lân om te kuierjen. Dy minsken hiene holpen ús te befrijen en wiene sa mei de oarsaak fan Poppe syn bestean.  Poppe is fan koart nei de oarloch, dat sadwaande. Ingelsken en minsken út ús lân mochten inoarren graach leie, mei dy histoarje tegearre.

Poppe en Geartsje hiene de hiele dei kuiere troch Kent yn  it suden fan Ingelân. It is dêr skitterjend, mar in plat stikje is der net te finen, se hiene no sawat de ein yn de bek.  En krekt doe wiene se ferdwaald  op wei nei de boer wêr’t se de tinte opsette soene. Hoe’t se de kaart ek hâlden der wie gjin tou oan fêst te knoopjen. En op dat stuit seagen se de man mei syn aparte helm. “Kinne jo ús út de ried helpe?” frege Geartsje yn har bêste ingelsk en se lei it probleem út.

De man stie hieltyd strak yn de hâlding, mar hy woe wol helpe. Doe’t er de kaart bestudearre hie sei er: “Ik sil it dúdlik meitsje. Jimme rinne earst in oardel myl werom en dan sjogge jimme in paad nei lofts, dat giet omheech nei de top fan dy bulte. Nei sa’n twa myl binne jimme boppe, it is al in hiele klim en jimme skuon binne feitlik net sa geskikt, mar it is net oars. Boppe rinne jimme in eintsje troch, ik skat tweintich minuten, en dan begjint der in dridzich spoar  fan trekkerbanden dat jimme del baggerje moatte . Nei in heal oere komme jimme dan by in oerstapke nei in greide, mei in pear beammen.  Dy greide moatte jimme oerstekke. Wêz foarsichtich want der rint in bolle, doch dat reade jaske mar yn de rêchsek. Rin by de beammen del, as de bolle dan komt, kinne jimme deryn klimme. Oan de oare kant is in hek, mar dat leit krekt aan de ferkearde kant. Om de goeie dyk te krijen rinne jimme nei de noardlike punt. Dêr is in sleat, wêr’tst  maklik troch wâdzje kinst, het wetter komt krekt boppe de knibbels. Oan de oare kant geane jimme lofts, it is fan dêrôf noch sa’n fjouwer milen rinnen.  In pear oerkes noch  en jimme kinne de tinte opsette, it sil dan al tsjuster wêze.”

Ferslein betanke Geartsje de plysjeman. “Wy komme út in lân dat sa plat is as it iis op de sleat.  Út Fryslân, yn it noarden fan Nederlân. Dit wurdt foar ús noch in hiele put”  “Wat sizze jo dêr?” andere de bobby  “Binne jimme út Hollân? No, dan kinne jimme hjir gewoan trochrinne nei dat doarp.  De pleats stiet efter dy tsjerke. Oer tsien minuten binne jimme teplak” Hy groete  stiif en gie fuort. Se hearden him noch krekt mompeljen “Man, ik tocht dat binne fan dy ferrekte Dútsers”

 

Skuld

It is safier, de hel is ôfskaft. Poppe hat it sels op Facebook lêzen. Dat wurde in kear tiid It soe ivich duorje neffens de dominy, fiifenfyftich   jier lyn en no is it al wer dien. Ivich duorret koarter dan Poppe him dat foarstelde.

Mei syn klassegenoaten hie Poppe in wurkwike, mar sneins moasten hja nei tsjerke. Dat hearde sa, oars kamen jo yn de hel. It wie net sa’n grut tsjerkje yn it doarp  yn de Trynwâlden mei ek noch fiif oare leauwen.  Alle leauwigen wiene paraat.  De koster koe elkenien.  Hy wie net sljocht op frjemden, dat bringt mar ûnrêst. “No, rin dan mar efter dy frou en har soan oan, mei dy brune jas . Dy ha ik krekt ferteld wêr’t se sitte mei, foaryn efter de âlderlingen. Ik wol jimme net tusken de eigen minsken hawwe, dy  sitte op har fêste plak. Dy frou ha ik hjir ek noch nea sjoen, dêr kinne jimme moai by sitte.”

De dominy kaam mei in jonge en  in famke binnen. “Ik hoopje net dat der doopt wurde moat” sei Poppe tsjin Geartsje  neist him. “Doch net sa raar ju” sei Geartsje, Poppe wie benaud dat it lang duorje soe.   Der wurde net doopt, dat duorre noch in healjier, die bliken. Dominy preke oer it paradys. Dêr stie in beam mei lekkere apels, mar dy mochten jo net opite.  Hwa’t dat al die, soe fan it paradys nei de hel ferhúzje. Adam hie oars wol  nocht oan sa’n moaie apel.  Hy koe de ferlieding net wjerstean en iet de apel op dy’t Eva him foarhâlde.  De dominy seach gleon nei it famke. Ja, doe moast Adam fuort út it paradys, eigen skuld. Hy hoegde net nei de hel, mar hy hie sûndige . Sa kinne wy minsken ek sûndigje. De frou mei har soan siet ûngemakkelik, it duorre har tink ek wat te lang.

Op ‘e nij rjochte de dominy him ta de twa op de foarste rige.  It famke wie  senuweftich, it like of soe se gûle. Der boude spanning op yn de tsjerke. De frou by Poppe yn de bank siet strak foar har út te sjen, se hie de hân fan har soan fêst.  “Ek jimme hawwe de ferbeane frucht plukt, en no wolle jimme skuld beliede foar de hiele mienskip, foardat jimme fierder moatte mei dizze lêst” sei de dominy plechtich.

“Se hawwe it dien, sûnder..” flústere Poppe ferheard. “Net sa handich”. “Sst, hâld dy de kop” sei Geartsje lilk. Poppe frege him ôf hoefolle minsken no tochten dat se dêr moai foar wei kaam wiene, hy skatte mear as de helte. It famke wie no bloedread , dêr wurde se allinne mar moaier fan. Dominy eamele noch wat oer boete en ferjouwing en doe wie it klear.

De dominy rûn mei syn âlderlingen statich nei de kofje. “Hast goed nei dy dominy sjoen?” sei de frou yn de brune jas mei de hân foar har mûle tsjin de soan.  Mar Poppe hearde it al.  “Dat is dyn heit”

Lifte

In iepenbier ferfier kaart  bestie der noch net ein jierren sechstich. As je gjin jild hiene foar in buskaartsje, dan moasten jo mar op de fyts. Der wie noch wol in oare manier fan ferpleatsten dy’t je no amper noch sjogge, lifte.  Lifte is freegje oan in persoan yn in auto,  of jo meiride kinne. Omdat it lestich is efter in ridende auto oan te kacheljen, wylst as de bestjoerder ek noch it raam ticht hat, brûkten dy lifters  de tomme. Hja makken itselde gebear as dat je immen priizje, de tomme omheech. Je bewege dan de earm mei de opstutsen tomme omheech oant de earm in hoeke fan njoggentich graden makke. Dan begrypt de bestjoerder dat je graach meiride wolle. Je kinne ek in boerd  omheech hâlde, mar dat is net altyd handich. De bestjoerder kin dan ek tinke, ‘dêr moat ik net hinne, ik riid mar troch’, wylst de kearn fan it liftsjen is de man te stoppen. Mei oerlis kinne je dan noch in hiel ein komme, letterlik en figuerlik.

Poppe en Auke hiene in besyk brocht oan Ljouwert. It wie it jier fan Ferre Grignard. It tilde doe op fan de kofjebars yn Ljouwert, wêr’t se kofje  ferkochten en in jukebox hiene. Net de hannel fan hjoeddeistige coffeeshops.  It wie dêr gesellich en se draaiden goeie muzyk. Dy dei hearden je oeral “Ring, ring, i’ve got to sing”. Binnen en bûten, oeral hearden je de warskôgjende skreau fan  de Belg Grignard.  As it jo foldocht, dan giet de tiid hurder dan as jo slein wurde, en sadwaande wie it al rom nei tsienen doe’t de twa jonges nei de Grinzer strjitwei toffelen om te liften. Se hiene fuort gelok, in frommes stoppe. Hja moast nei Tytsjerk, sa fier mochten se mei.

Dêr by de bushalte koene se moai wer fierder lifte. Allinne der stoppe gjinien mear, se stiene dêr al mear as in ûre, en der stoppe gjinien. It wie no al healwei tolven en dan nimme de kânsen op sukses ek ôf.  Dat kin wol ris rinne wurde, altyd wol tweintich kilometer. Der kaam ek noch in bus oan, mar gjin fan beiden hie genôch jild foar de bus.

De bus stoppe wol, fansels omdat dy jonges dêr stiene. Dat kin ek noch wol problemen opleverje, want by in bushalte meist net lifte. De sjauffeur die de doar iepen en der siet net folle oars op dan it út te lizzen. “Stap mar yn” sei de sjauffeur “Ik ryd no bûten tsjinst”. Dat wie geweldich, even letter sieten de mannen moai foar it raamke de nacht yn te sjen. “Wat strjitte moatte jimme der út?”. ”Wy moatte nei de Fûgelstrjitte” sei Poppe, “dan kinne we wol by de folgjende halte derút”. De man sei neat mar riid syn bus nei de Fûgelstrjitte. “Stap mar út mannen”. “Jo wurde bot betanke, mar hjir is dochs gjin bushalte”  “No” sei de sjauffeur “Jimme hawwe ommers gjin kaartsjes, dan hoege jimme der ek net by de bushalte út”

In kompleks bedriuw

Lêsten seach ik in fraachpetear mei de bazen fan grutte banken. De mannen moasten al even fertelle wat se binnenbrochten om in stikje bôle betelje te kinnen foar de bern, no dat gie aardich.

De baas fan myn bank moast him rêde mei  150 000 euro yn de moanne. Mar dêr die der it net om fansels, it gie him om de eare. Dat hy de man is foar sa’n komplekse bank, dêr wie der tankber om. Hy fûn it ek wol wat bot, mar mei minder koe der net meispylje op ynternasjonaal nivo. In grut probleem. Dat er in kompleks bedriuw hat, dat is wier. Sels liet er my in kear belje dat Heida fan de bank wolris in kear mei my prate woe. Doe’t ik my melde wie der gjin minske te bekennen. Yn de wachtromte rûn in frommes te meditearjen, nei ferrin fan tiid frege sy my : ‘Wat moatte jo, jo binne gjin klant’. Ik sei: ‘ik ha in útnûging krige’, mar sy liet my net útprate.  Ik wie ferbjustere.  ‘Ik kin alle klanten’ sei  hja  ‘en jo kin ik net’. Doe rôp er ien fan efteren “Fúzje klant”. ‘Ja’ andere sy ‘dit sil in fúzjeklant wêze’.  ‘Jo binne by dizze bank sûnt de fúzje, of net?’ ‘Dan kinne jo net ferwachtsje dat ik jo kin fansels. It hâldt in kear op’.  Ik moast tajaan dat pas  sûnt tweintich jier lyn de fúzje plak fûn dit  myn bank wie. ‘Sjoch dan binne jo feitlik net in echte klant fan ús, mar foar wa kamen jo?’ ‘Ik kom foar Heida’. ‘Dy is der net, ik sil jo syn nûmer jaan, dan kinne jo it sels moai efkes regelje’.  “Ik woe wol dat jo dat foar my regelje, ik bin hjir no doch, As ik de bank belje kom ik wer efteroan te stean”  ‘Ja, no kom ik efteroan te stean, dat helpt ek net, mar ik moat it mar even besykje’ Dat gie goed en de ôfspraak wurde makke. Ik soe dêr in befêstiging fan krije. Thús gie krekt de telefoan. “It is mei de bank, wy soene jo in brief stjoere, mar de kompjûter wegeret dat want jo hawwe al in brief hân” ‘Ja, mar die man wie der net’. De bankman andere: ” jo kinne freed gewoan hinne gean en dan wit Heida der fan”.

Nog gjin minút letter, dêr gie de telefoan wer. “Mei Heida, jo woene my sprekke?”.  ‘Ik bin útnûge troch de bank, om mei jo in praatsje te hâlden’ sei ik. “En wer woene jo it dan oer ha op  freedtemiddei?” frege Heida. ‘It sil wol mei jild te krijen hawwe, mar jo soene my in foarstel dwaan, wêr’t ik better fan wurde soe’   Heida hie syn nocht, “Wa binne jo einliks?, ik kin jo net iens”  De ôfspraak gie oer mar Heida hie een goeie rie foar my. “Jo moatte de kop de al wat better by ha Boemer, ear’t jo in oar lestich falle.”  In kompleks bedriuw dat is it.

It strjitbyld

It strjitbyld is al wat feroare sûnt de earste dagen dy’t my noch heuge, doe’t ik sa’n trije ier âld wie. Ik kin de tram noch werom krije, mar dy is al lang lyn opdûkt. Jieren lang ha der noch wat eksemplaren op it stasjon stien, njonken de greate klossen fan it kabelfabryk. It doarp moast foarút en dan kinne jo gjin stroom út hingjende trieden mear ha. De minsken koenen inoaren allegearre en as der in fremden kaam dan wurden je fuort ynformeare. No is dat wer sa mar no wurdt facebook der foar brûkt. Wy koene al kommunisearje mei twa blikjes en in stikje draakjetou de tusken spant. Der kaam in kear in neger te sjongen yn de tsjerke, dat joech bot opskuor. Alle jongkjes rounen der efteroan, “hast de neger al sjoen”? Dat wie wat. Jierren letter wie der in kear in optreden fan Piet Römer in ús doarp. Doe gie it krekt gelyk. Hy roun stadich troch de buorren en allegeare minsken der efteroan. En dan hie der him ek noch ûnwerkenber makke troch in grauwe sinnebrille op te setten. Doe’t ik santjin wie, moeten we inoaren  sneontejouns op de brêge, hieltiten wie it tema  ‘frjemden’: “Der rûn fannemiddei in frommes troch de buorren dat ik noch nea earder sjoen ha, jimme wol”?  “Wa soe dat wêze”?

Hjoed de dei rint der nea mear in bekende troch de buorren. Der ride ek gjin auto’s mear en de brêge is fuort. Op it plak fan de brêge stean nou faaks minsken te sjongen of guon dy’t jo in krante besykje oan te smarren. Midden yn it doarp is in grut neargeastich plein makke foar de auto’s, it liket nearne nei. It hat in útstrieling fan in autotsjerkhôf yn de rein. It is mar goed dat it ek amper te finen is, disse mislediging fan de besyker.

Om dêr te kommen moatte jo  ek noch jo libben weagje. It doarp wurdt yn parten snien troch brede dyken wer’t de auto mar oanfege kin. Fytsers en kuierders moatte de kop der al by hâlde, benammen as it glêd is. Dei en nacht fege der dan grutte struiweinen mei barstend geweld oer de dyken, mar it fytspaad en de stoepen dy bliuwe sjippeglêd. Och ja, wa giet no ek nei bûten sûnder de auto te pakken, dan binne jo net goed yn de holle. Werfoar hawwe jo sa’n ding oars? En jo kinne de bern der ek moai mei nei skoalle bringe, dat skillet samar  wer in heale kilometer fytsen. Glêd is it net allinne yn de winter. Der is altiten wol ien dy’t wat flibe hat dat him dwers sit en hûnen binne der ek genôch Ik ha fan fan die soaltsjes mei spikers kocht. Eartiids makke eltsenien syn stoepke skjin, jo woene net dat er in bekende de poaten bruts. No rinne der gjin bekenden mear. De suffert dy’t der al út giet moat him sels mar rêdde.

Feroare, dat is it. It strjitbyld is fan dizze tiid.